Faktueren binne in wichtich aspekt om derfoar te soargjen dat in bedriuw goed en effisjint draait; sûnder dizze dokumintaasje kin in modern bedriuw desorganisearre reitsje. Faktueren binne in poerbêste manier om in bedriuwsadministraasje by te hâlden en litte boppedat wat profesjonaliteit fan jo bedriuw sjen.
Hoe’t in faktuer wurket
Yn essinsje is in faktuer in kommersjeel dokumint dat troch it bedriuw oan de klant útjûn wurdt, mei dêryn de produkten, de hoemannichte en de ôfpraat prizen fan de produkten en ek de levere tsjinsten. Hjirûnder in koarte list mei basisynformaasje dy’t op in trochsneedfaktuer stean moat:
• It wurd “Faktuer”
• Bedriuwsnamme
• Kontaktgegevens fan it bedriuw
• Unyk referinsjenûmer
• Gegevens fan de klant
• Totale kosten fan de tsjinsten
• Btw-ynformaasje
• Betellingsynstruksjes
• Betellingsbetingsten
Reaksjes
Der binne noch gjin reaksjes.